De winner fan de
17e radio-Reklamepriis 2018
is bekend!

Oant it lêst ta waard der noch drok stimd op de nominearre spots. Sneon 1 desimber is dúdlik wurden dat mear as de helte fan alle stimmen gien is nei de kampanjespot fan 113 selsmoard previnsje (opdrachtjouwer GGD Fryslân) mei de titel ‘Stel de fraach fan dyn libben’. In ynkringende boadskip mei pynlike stiltemominten, dy’t de harker fuortdaliks yn de besnijing hâldt. Hooplik wurdt hjirmei in hjoeddeistich gefoelich taboe trochbrutsen.

Lês ek it artikel hjiroer op ItNijs: 113 selsmoardprevinsje is winner fan 17e Fryske Radioreklamepriis

 

Opdrachtjouwer: Christelijke Bibliotheek voor Blinden en Slechtzienden: ‘Passend Lezen’

Produsint: Van de Laar en Van Efferen studio’s, productiehuis voor beeld en geluid te Vught

Dizze radiocommercial hâldt jin fuortdaliks yn de besnijing. Wat is hjir te rêden? Wêr sil dat ‘broeierich swijen’ op útdraaie? It fragmint komt út it boek ‘Swarte Ingels’ [2004] en wurdt troch skriuwer Willem Schoorstra sels yn geef Frysk foarlêzen. De sinnen binne mei soarch keazen, erotyk docht it ommers altiten goed by de harker. It boadskip draait hielendal om minsken mei lêsbeheiningen, dy’t net omgean kinne mei it gewoane printe boek. De commercial tinkt ús in prikeljend ferhaal yn it ferhaal fan it boadskip. De oansprekkende doelgroep hoecht wier neat mear te missen op it mêd fan goeie Fryske boeken. It spotsje is tsjinstber oan it produkt. It ynformative twadde part, sein mei de waarme donkere stimme fan programmamakker Douwe Heeringa, komt jin oer as in oanbefelling fan in bertroude húsdokter. De drompel fan skrutens wurdt sa weihelle. Beheiningen yn lêzen hoecht hjoed-de-dei wier gjin swierrichheid mear te wêzen.

 

 

Opdrachtjouwer: Euphoria mei radiospotsje:  'Nije dingen ûntdekke yn de sliepkeamer?'

Produsint: John de Vries

Dit spotsje oer it wolwêzen fan in minske op in hiel oar mêd, is wer ris wat oars as wat men daagliks op de radio hearre kin. Dat mei jin fuortdaliks de fraach te stellen oer, ‘nije erotyske dingen’ ûntdekke yn ‘e sliepkeamer. Soks leit foar guon minsken grif noch yn in taboesfear bewuolle. Wat meie dy nijsgjirrige ‘nije dingen’ om driften geande te meitsjen dan wol wêze? De sfear wurdt iepenbrutsen, wannear’t in kwierige frouljusstimme yn natuerlik Frysk jin útnûget en gean nei de aardichste winkel fan Fryslân ta, mei it bêste eroatyske boartersguod. It prikeljende ferhaal fan it spotsje, bewuolle yn delbêdzjende esotearyske muzyk, past alhiel by it DNA fan dizze winkel; yn it earste oankommen gewoan leechdrompelich mar dochs noch mei in bewyske fan heimsinnigens der omhinne. Dat is erotyk dochs? Hawar, hoe heech of leech de drompel ek lizze mei foar minsken, dy frouljusstimme mocht om ús noch wol wat mear ûndogensker klinke.

 

 

Opdrachtjouwer: GGD Fryslân, Stichting 113 Fryslân:  '‘Hé alles goed?'

Produsint: Syb van der Ploeg producties

In sljochtwei hinne fraach, folge troch in pynlike stilte. De harker nei de radio sil grif de earen opstekke en him konsintrearje op wat fierder komt. Fuortzappe, dat docht men net by radioreklame. De ynkringende sfear is delset. Persoanlike fragen stelle wurket mei radioreklame. It set jin sûnder erch as harker oan it neitinken. It Frysk is hjir op in trochtocht natuerlike wize brûkt. Dêrtroch sil de doelgroep de bedoeling fan dizze commercial goed begripe. De bekende stimme fan de ynsprekker is fan de Fryske sjonger en produsint fan dit spotsje, Syb van der Ploeg. De útdrukking fan dit ynkringende boadskip, alhiel sûnder muzyk, past hielendal by it doel. Persoanlik fragen stelle mei ûngemaklike stiltes. Hooplik wurdt hjirmei in noch net bekend ‘nij’ taboe trochbrutsen. Der wurdt hjir net tefolle ynformaasje jûn, mar wol ien hiel wichtige gedachte: doar jin ‘dy fraach fan dyn libben!’ te stellen.