Stim op dyn favorite
Fryske telefyzjereklame
en meitsje kâns
op in iPad!

Tongersdei 17 jannewaris om âlve oere is de 17e Fryske radio-Reklamepriis (FRP) útrikt troch Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging oan GGD Fryslân (Gemeentelijke Gezonheidsdienst).

Mei noch twa oare nominearren te witten: Christelijke Bibliotheek voor Blinden en Slechtzienden mei ‘Passend Lezen’ en erotykwinkel Euphoria út it Hearrenfean mei it spotsje 'Nije dingen ûntdekke yn de sliepkeamer?', krige de radiokampanjespot ‘Stel de fraach fan dyn libben’ fan 113 Selsmoard Previnsje’ 57% fan alle publyksstimmen.
Manager GGD Fryslân Frans Haenen fan it projekttiim Supranet Fryslân krige út hannen fan Geart Benedictus (Ried fan de Fryske Beweging) it ferneamde Grutte Pier-byldsje, de oarkonde en in sjek mei in wearde fan €250,-.

Oanslutend binne ‘skeppers en skriuwers’ fan it winnende spotsje; ynsprekker en produsint Syb van der Ploeg, Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse en Roely Boer yn it sintsje setten.

De FRP kommisje makke de ferwizing nei in útspraak fan Nelson Mandela (1918-2013); ‘As jo mei in minske prate yn in taal dy’t hy ferstiet, giet it yn syn holle. As jo mei himsels prate yn syn eigen taal, giet it yn syn hert!’

Neffens de sjuery: In sljochtwei hinne fraach; ‘Hé alles goed?’, folge troch in pynlike stiltme. De harker nei de radio sil grif de earen opstekke en syn oandacht rjochtsje op wat fierder komt. Fuortzappe, dat docht men net by radioreklame. Dy ynkringende sfear konfrontearret. Persoanlike fragen stelle wurket wis by radioreklame. It set jin as harker oan it neitinken. It Frysk is hjir op in natuerlike wize brûkt. Dêrtroch sil de doelgroep it ûnderwerp goed begripe. De stimme fan de ynsprekker is fan feneamd Fryske sjonger en tagelyk produsint Syb van der Ploeg. De útdrukking fan de ynkringende boadskip, alhiel sûnder muzyk, past hielendal by it doel. Doar persoanlik fragen te stellen ek al folgje ûngemaklike stiltmes. Hooplik wurdt hjirmei in ‘nij’ taboe trochbrutsen. Mei reden wurdt net tefolle ynformaasje jûn, mar wol ien hiel wichtich boadskip: doar jin ‘dy fraach fan dyn libben!’ te stellen.

De Fryske Reklamepriis is yn it libben brocht om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe allinnich noch foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

It orizjinele libbensgrutte byld fan Grutte Pier is makke troch Anne Woudwijk en stiet yn Kimswert. By de FRP stiet it byldsje foar it selsbewust brûken fan it Frysk yn de kommunikaasje. It is mei de FRP in kwestje fan oanhâlde as storein mei Frysktalige reklames yn Fryslân, foar in grutte oermacht oan Hollânsktalige spots oer. It byldsje hat dan ek de útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.

Siem de Vlas (foarsitter) Fryske ReklamePriisSiem de Vlas (foarsitter) Fryske ReklamePriisGeart Benedictus (Ried fan de Fryske Beweging) rikt oarkonde en sjek út oan manager GGD Fryslân, Frans HaenenGeart Benedictus (Ried fan de Fryske Beweging) rikt oarkonde en sjek út oan manager GGD Fryslân, Frans HaenenOarkonde[fan lofts nei rjochts]; Geart Benedictus, Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse, Reina Denkers (Kommunikaasje meiwurker feilichheidskrite Fryslân), Syb van der Ploeg, Roely Boer, Frans Haenen en Siem de Vlas
Geart Benedictus rikt oarkonde en Grutte Pier-byldsje út oan ‘skeppers en skriuwers’ radiospot [fan lofts nei rjochts]; Syb van der Ploeg (ynsprekker), Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse en Roely Boer. Geart Benedictus rikt oarkonde en Grutte Pier-byldsje út oan ‘skeppers en skriuwers’ radiospot [fan lofts nei rjochts]; Syb van der Ploeg (ynsprekker), Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse en Roely Boer. [fan lofts nei rjochts]; Geart Benedictus, Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse, Reina Denkers, Syb van der Ploeg, Roely Boer, Frans Haenen en Siem de Vlas[fan lofts nei rjochts]; Geart Benedictus, Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse, Reina Denkers, Syb van der Ploeg, Roely Boer, Frans Haenen en Siem de Vlas