De winner fan de
17e radio-Reklamepriis 2018
is bekend!

Op tongersdei 21 maaie is yn it telefyzjeprogramma Bynt op Omrop Fryslân bekend makke dat 'Klear' de winner is fan de Fryske Reklamepriis 2015 (lês it folsleine ferslach op ItNijs.frl).

FRP2015

Hjirûnder de trije nominearre reklames, de motivaasje fan de sjeury foar de útslach en trije bysûndere uteringen.

1e plak: TV-kommersjal “Klear” fan Sijperda Verhuur

Motivaasje fan de sjuery
It ferhieren fan (bou)materialen is in frijwat generyk produkt. Sijperda Verhuur kiest net foar in skerpe posisjonearring, kleemt gjin spesifike kwaliteit (faasje, topmerken, priis...) en dat makket it lestich om in ûnderskiedenende en werkenbere kommersjal te meitsjen. Dochs is Sijperda dêryn aardich slagge mei dizze kommersjal. It idee om in dochter oer har held “Heit” (dy’t by Sijperda wurket) fertelle te litten is wier sympatyk. It makket de ferhiertsjinsten fan Sijperda minskliker. En it brûken fan bernetekeningen yn in animaasjefilmke fersterket dat idee. It Frysk is noflik brûkt, ek al falt it op dat famkeleaf snotferkâlden is.

Titel: Klear
Opdrachtjouwer: Sijperda verhuur
Produsint: Enno Feenstra
Hiemside: www.sijperdaverhuur.nl

2e plak: TV-kommersjal “Pake Oeds Moster”

Motivaasje fan de sjuery
Yn de Fryske popkultuer hawwe bands as Strawelte en De Hûnekop in grutte oanhing. Har muzyk is rûch, streekrjocht, hurd en komt noflik primityf oan. Yn dy tradysje past ek ‘Pake Oeds Moster’. Dat wurdt op gjin inkele wize moaier makke as dat it is. Krekt oarsom: smoarge rudige hynders, fingers yn it potsje, de biogasynstallaasje......it liket gjin kwestje fan goeie smaak. Nee, it is laitsjen, it is suver en it is o sa Frysk. En mei in bytsje gelok wurdt dit in nasjonaal kultfilmke. En och ja: net oerdriuwe: hynders oer frikandellen montearje hoecht wier net. En knip dy bloopers nei it byldmerk mar fuort. It wiere filmke is al aardich genôch.

Titel: Echte Fryske Moster
Opdrachtjouwer: Pake Oeds

3e plak: TV-kommersjal “Gjin Alvestêdetocht” fan Carglass

Motivaasje fan de sjuery
Carglass-reklame wurket lanlik al lang mei in treftich konsept: de Carglass-servicemonteur fertelt wiidweidich oer it reparearjen fan rútskea en oer syn spesifike kwaliteiten. Yn dit konsept is ek in Fryske fariant makke dy’t ferrassend natuerlik en oertsjûgjend is. Wichtichste reden: haadpersoan Halbe docht it geweldich. Hy draacht de kommersjal dy’t hielendal neffens it fêste format en profesjoneel ynfolle is.Hy duorret lang, mar wurdt net ferfeelsum. Mei as risseltaat: dit is de earste 100% Frysktalige telefyzjekommersjal dy’t nasjonaal útstjoerd waard.

Titel: Carglass
Opdrachtjouwer: Carglass
Hiemside: www.carglass.nl

Bysûnder omtinken

De sjuery wol bysûnder omtinken freegje foar trije uteringen dy’t by einsluten net yn oanmerking komme foar in nominaasje om’t se net oan alle kriteariums foldogge, mar lykwols wurdearring fertsjinje om har bysûnderens.

Poster/Abri AH: ‘Wy besoargje no ek yn jo buert”
Wie dat in ûnnoazel fersin of fernimstige opset? Wy litte it mystearje it mystearje. Mar dy poster hong yn de stêd Grins. Fansels jout soks in protte opskuor en publisiteit. Benammen yn de sosjale media. En de AH-hiemside heakke dêr op yn. Yn alle gefallen in moai besykjen fan AH om ús memmetaal te brûken en sympaty yn ús provinsje te kreëarjen.

Poster UMCG
De utering is net bysûnder, lit stean kreatyf en ‘tusken de eagen’. Mar it idee dat men yn in sikehûs jins eigen (streek)taal prate mei en dat kenber makket mei in button is tinkt ús kommunikatyf sterk. It makket fan it UMCG in sympatyk en empatysk sikehûs. Pasjinten en besikers kinne yn it UMCG mear harsels wêze.

Floris-kommersjal fan Meulen & Baarsma
It is in lokwinsk wurdich: in telefyzjespot mei in wrâldstjer op in Frysk bêd. Opmerklik. Rutger Hauer as Floris keart nei 500 jier werom. Aardich idee!. Mar it fersûpt nei 10 sekonden yn oerdreaun omtinken foar details. En nee, jo hoege Rutger net op bêd te bringen om it boadskip te fertellen. Spitich.