De winner fan de
17e radio-Reklamepriis 2018
is bekend!

Skiednis fan de Fryske reklamepriis

It wie 1993 doe’t de Ried fan de Fryske Beweging en de feriening Freonen fan Omrop Fryslân it inisjatyf namen ta it opsetten fan de Fryske Reklamepriis. In priis as middel mei as doel it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen, sawol kwantitatyf as kwalitatyf.

Yn de 20 jier fan syn bestean hat de Fryske Reklamepriis ferskillende foarmen hân. In lyts begjin mei allinne in radiopriis (1995 en 1997), in grut opsette útrikking op in feestjûn yn de Harmony, it meinimmen fan publyksstimmen yn kombinaasje mei in saakkundich sjueryrapport. Mar altyd wie de priis der as middel foar itselde doel: it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen oan te trúnjen.

De kommisje Fryske Reklamepriis wurket oan in plan om datselde doel, it fuortsterkjen fan it Frysk taalgebrûk, nei te stribjen. Mei itselde middel, ûnder deselde namme, mar dan oanpast oan de easken fan dizze tiid en om it doel ek yn de takomst neistribje te kinnen.

Spulregels

By it selektearjen fan de nominearren sil de FRP-kommisje de folgjende punten yn beried nimme:

  1. It Frysk of Frysk dialekt moat op eigensinnige mar ek natuerlike wize brûkt wurde. 
  2. De útdrukking fan it spotsje moat passe by it DNA fan it produkt of merk. 
  3. De útdrukking fan it spotsje is autentyk en orizjineel. 
  4. De kreativiteit tsjinstber oan it boadskip. 
  5. Gjin wurdgrappen of oare gjalpen, dy’t der by de hierren byskuord binne.

Oer de FRP:

  1. It spotsje mei de measte stimmen kriget de Fryske Reklamepriis.
  2. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.
  3. Meiwurkers fan de Fryske Reklamepriis meie net stimme.

Oer it ferlotsjen fan de iPad:

  1. De winner fan de iPad wurdt selektearre troch it digitaal lotsjen, ûnder tafersjoch fan de FRP-kommisje.
  2. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.
  3. Meiwurkers fan de Fryske Reklamepriis meie net meidwaan.