De 18e Fryske telefyzje-
reklamepriis wurdt yn de earste
helte fan 2019 wer útrikt.
Noch efkes geduld dwaan

Tongersdei 28 juny is de 17e Fryske Reklamepriis (FRP) troch tydlik direkteur fan Omrop Fryslân Nina Hiddema útrikt oan Tabe Velink, direkteur fan Mazzelshop ‘Camping Totaal’. Dat barde mei in nijsgjirrige delegaasje op lokaasje.

Mei noch twa oare nominearren: fakânsjepark ‘Klein Vaarwater’ mei reklamespot ‘Magysk Amelân’ en Bistepark Landgoed Hoenderdaell yn Anna Paulowna, mei ‘De natuer kin sa moai wêze’, krige it spotsje ‘Foar écht goed materiaal’ fan Mazzelshop ‘Camping Totaal’ 67% fan alle publyksstimmen.

Eigner en direkteur Tabe Velink krige út hannen fan Nina Hiddema it Grutte Pierbyldsje en de oarkonde. Foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, Geart Benedictus oerlange de sjek mei in wearde fan €750,-.

Tagelyk is skepper en skriuwer fan it winnende reklamespotsje, Wilfried Bijma fan Merlin Producties nei foarren helle. Foar de tredde kear hat syn filmke de FRP wûn. In boppeslach! 

utrikking groep klein

Foto (mei alle persoanen) fan de útrikking 17e FRP; fan lofts nei rjochts:

Tabe Velink; eigner Mazzelshop ‘Camping Totaal’, Nina Hiddema; ynterim direkteur Omrop Fryslân, Emiel Stoffers; haadpersoan yn reklamspot (foaroanman band ‘De Hûnekop’), Siem de Vlas; organisaasje 17e Fryske Reklamepriis, Wilfried Bijma; (‘Merlin Producties’ Drachten, produsint), Oane Bos; winner ûnder de ynternetstimmers, Roelof Reitsma; de stim yn it filmke, Geart Benedictus; foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging

Neffens de sjuery oer it spotsje: bysûnder dat it earst liket dat se spesjaal in caravanrace organisearre hawwe. Rou en rûch rydt Emiel Stoffers (ek oanwêzich en haadpersoan yn it filmke [jawis de foaroanman fan band De Hûnekop]) de race mei it Fryske plattelân as dekôr. Nijsgjirrich is it kontrast tusken it rûge earste part mei oanboazjende muzyk ta in hichtepunt en dan ûnferwachts jout Emiel him noflik del tusken alle wrakstikken yn. Neat is dêrby fergetten. It blomke op it taffeltsje makket it hielendal dien. Mei in swiere Fryske stimme (voice over) der oerhinne, sa te hearren streekrjoch fan it plattelân ôf plôke, wurket dizze spot beslist oansteklik, bliuwt hingjen en besoarget jin in glimlaits. Efternei wurdt dúdlik dat net samar keazen is foar no krekt in caravanrace.

De Fryske Reklamepriis is yn it libben set om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe noch allinnich noch foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

It orizjinele libbensgrutte byld fan Grutte Pier is makke troch Anne Woudwijk en stiet yn Kimswert. By de FRP stiet it byldsje foar it selsbewust brûken fan it Frysk yn de kommunikaasje. It is mei de FRP in kwestje fan oanhâlde as storein mei Frysktalige reklames yn Fryslân, foar in grutte oermacht fan Hollânsktalige spots oer. It byldsje hat dan ek de útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.

 

Undernimming: Bistepark Landgoed Hoenderdaell yn Anna Paulowna, mei it spotsje ‘de natuer kin sa moai wêze’.
Hiemside: www.landgoedhoenderdaell.nl

It is hast unyk te neamen dat ûndernimmingen bûten ús provinsje harren fan ús memmetaal betsjinje om Fryske besikers te lûken. Dat rekket de Fries daliks. Lori’s, losrinnende ringsturtmaki’s, pensonearre kateftigen, ja alles yn geef Frysk. It filmke is faaks wat algemien, mar wol aktyf, blier en kleurryk. Sa te sjen rjochte oan húshâldingen mei jonge bern, dy’t graach bûtendoar boartsje en de natuer ûntdekke wolle. Foar ús is it sa al it meast bysûndere bistepark yn Europa en dat ‘mar in oerke riden fan Ljouwert ôf’!

 

Undernimming: fakânsjepark ‘Klein Vaarwater’, mei reklame ‘Magysk Amelân’
Hiemside: www.kleinvaarwater-ameland.nl

De bylden jouwe rêst, foarsjoen fan moaie Fryske teksten dy’t dúdlik meitsje dat alle sintugen ryklik harren gerak krije sille. En dat mei de donkere stimme fan Freark Smink dêr oerhinne; wa soe dan net fuortendaliks de boat nimme wolle nei ’t Amelân ta. Trochdat de bylden stadich fan perpektyf feroarje en de teksten yn koarte stikjes op it skerm ferskine, wurdt men suver betsjoend en wol men graach fierder lêze. Op de eftergrûn net samar wat begeliedende muzyk, mar magyske en emosjonele klanken dy’t jin tinken dogge oan it romantyske Ierlân. Sa sille der grif noch in protte herten yn it sân fan It Amelân tekene wurde.

 

Undernimming: Mazzelshop mei reklame ‘camping totaal’
Hiemside: www.mazzelshop.nl

Bysûnder is dat it liket dat se spesjaal in caravanrace organisearre hawwe foar dizze reklame. Rou en rûch rydt Emyl de race mei it Fryske plattelân as dekôr. Nettsjinsteande de púnheapen hat de caravan fansels alles te krijen mei dizze reklamespot dat giet oer kampearark en -reau. Nijsgjirrich is it kontrast tusken it rûge earste part mei oanboazjende muzyk ta in hichtepunt en dan ûnferwachts jout Emyl him noflik del tusken de wrakstikken yn. Neat is dêrby fergetten, in blomke op it taffeltsje makket it foar him folslein. Dat wurket beslist oansteklik en besoarget jin in glimlaits. Mei in echte Fryske stimme der oerhinne, sa te hearren streekrjocht fan it plattelân wei, en de begeliedende Fryske teksten hoopje wy dat dizze racesport ek elkenien oansprekke sil.