‘Wy hâlde fan netsjes’
Aquacell

Hiemside: www.aquacell-waterontharder.nl/

De reklame dy’t Aquacell makket yn kranten en tydskriften binne meastentiids yn it Frysk. Dat hawwe hja foarich jier trochset mei in gemoedlike reklame foar Aquacell produkten op de telefyzje. In famylje fan De Lemmer dy’t wat âlder is, is de 'haadpersoan' yn dit spotsje. Fierder gjin gekoanstekkerij – gewoan op rêstige wize fertelle oer wat de produkten fan Aquacell foar jo betsjutte kinne. Minsken oansprekke yn harren eigen taal. Dêrmei slút Aquacell oan by wat ûndersyk sjen lit: reklame yn eigen taal skoart it bêst.