‘De fytsesaak fan Joop Zandberg’
Joop Zandberg

Hiemside: www.joopzandberg.nl

Yn it reklamespotsje komme neist de bekende merken fan fytsen ek de meiwurkers fan Joop Zandberg foarby. Op dy wize leit de klam yn dit spotsje op de persoanlike oandacht dy’t Joop Zandberg en de meiwurkers hawwe foar de klanten. En fansels ek it grutte assortimint yn de fytsesaak fan Joop Zandberg. Zandberg is in relatyf lyts bedriuw mar se dogge dochs wat net foar elk reklamemeitsjend bedriuw yn Fryslân foar de hân leit: reklame yn it Frysk. Dêrmei kin it in foarbyld wêze foar in hiele protte oare bedriuwen foar wa’t reklame yn it Frysk of foar de hân lizze moatte soe.