‘Grutsk op ús greidefûgels’
Gearwurkjende organisaasjes

Hiemside: www.grutskopusgreidefugels.nl

In nijsgjirrige reklame om boeren en meiwurkers fan leanbedriuwen op te roppen omtinken te jaan oan briedende fûgels en pykjes by it meanen fan it lân. Want as de reklame begjint, freget men jin ôf foar wa’t dizze reklame bedoeld is. Men sjocht earst in grutte trekker mei driigjende muzyk derûnder. Mar as we de fûgels en pykjes sjogge en de freonliker muzyk hearre, wurdt it al gau dúdlik. De doelgroep fan dizze reklame spilet in wichtige rol by it beskermjen fan de natuer yn it boerelân. En hja hoege it net allinnich te dwaan. De fûgelwacht docht graach mei yn it fjild.